Van Bekkum fuort as boargemaster: ferlies foar Smellingerlân

08 jun 2017 - 16:53

It fuortgean fan Tjeerd van Bekkum as boargemaster is in ferlies foar Smellingerlân. Dat seit SP-wethâlder Jos van der Horst fan dy gemeente. Van der Horst omskriuwt Van Bekkum as in tagonklik bestjoerder mei in grut natuerlik oerwicht. Hy is der dan ek fan oertsjûge dat Van Bekkum in goede direkteur fan Kulturele Haadstêd wêze sil, dy't by steat is om dy organisaasje yn rêstiger farwetter te krijen. 

Van der Horst fynt dat Smellingerlân it bêste yn earste ynstânsje in waarnimmend boargemaster krije kin, ek mei it each op de kommende gemeenteriedsferkiezings. De fertrouwenskommisje kin dan yn alle rêst begjinne mei de profylskets foar in opfolger foar Van Bekkum. As it oan Van der Horst leit kin ek de befolking fan Smellingerlân meiprate oer de profylskets foar de nije boargemaster. 

(advertinsje)
(advertinsje)