Organisaasje Tall Ships rint

26 okt 2011 - 12:32
Cuauthemoc - Foto: ANP

Harns leit op koers foar de Tall Ship Races. Pas oer trije jier komme de skippen nei Harns, mar de organisaasje hâldt de tariedings skerp yn de gaten. In pear moannen lyn hat de havenstêd de start fan it grutte ynternasjonale evenemint binnenhelle, mar kin dy ek wer kwyt reitsje. By de earste keuring is de oerkoepeljende organisaasje tefreden. It grutste probleem wurdt it finen fan plak foar de 70 oant 100 grutte skippen dy't nei Harns komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)