Buertsportcoach Pruiksma nominearre foar lanlike priis

08 jun 2017 - 16:53

Buertsportcoach Idzard Pruiksma fan de gemeente Súdwest-Fryslân is nominearre foar de lanlike stimulearringspriis Buurtcoach 2017. De priis is bedoeld foar in buertsportcoach dy't him of har ûnderskiedt fan de massa en dy't de kollega's ynspirearret. Pruiksma is neffens de sjuery it foarbyld fan in pro-aktive, ynspirearjende buertcoach dy't net ôfwachtet mar gewoan docht en dêr súkses mei hat.

Pruiksma wurket yn Snits en rjochtet him foaral op bern en jongerein mei in sosjale en ekonomyske achterstân. Hy is mei trije oare sportcoaches yn de race foar de priis. Dy wurdt oer twa wiken útrikt.

(advertinsje)
(advertinsje)