"Kondukteurmishanneler moat psychiatrysk ûndersocht wurde"

08 jun 2017 - 16:33
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man dy't yn desimber in kondukteur fan Arriva mishannele yn de trein fan Snits nei Ljouwert, bliuwt langer fêstsitten. Syn advokaat hie frege om de man út Assen frij te litten, mar dat woe de rjochter net, omdat er yn it ferline wol faker de fout yngien wie. De man hie einst foar observaasje nei in GGZ-klinyk sillen, mar dat is net bard. De rjochter wol no dat er yn alle gefallen troch in psychiater en in psycholooch ûndersocht wurdt oft der plak foar him is yn in klinyk.

De man waard doedestiids yn de trein agressyf,doe't de kondukteur him derop oanspruts dat er gjin kaartsje hie. It slachtoffer rûn in brutsen noas op. De folgjende sitting yn dizze saak is ein augustus.

Trefwurden: 
mishanneling trein kondukteur
(advertinsje)
(advertinsje)