Younes Namli giet fan SC Hearrenfean nei PEC Zwolle
SC Hearrenfean spiler Younes Namli giet nei PEC Zwolle. De 22-jierrige middenfjilder is foar trije jier fêstlein. Hearrenfean hie earder al oankundige it ôfrinnende kontrakt mei de Deen net ferlingje te wollen.
Namli kaam yn 2015 nei It Hearrenfean en spile 36 wedstriden foar de Feansters.