Lieven Bertels: "Het minst slechte moment om te vertrekken"

08 jun 2017 - 15:42

"Het is nooit een perfect moment om te vertrekken," sei Lieven Bertels tongersdeitemiddei yn reaksje op syn fuortgean by LF2018, dat oer in healjier mei Kulturele Haadstêd begjint. Hy krijt in belangrike funksje by in grut ynternasjonaal kultureel festival yn Amearika. "Maar deze kans komt eens in de twintig jaar voorbij. Ik meen oprecht dat dit het minst slechte moment is om weg te gaan en om de fakkel door te geven. Het programma is klaar waar de ziel van het bidbook in zit. We zijn nu klaar voor uitvoering."

Trein

Syn funksje fan artistyk direkteur wurdt net op 'e nij ynfolle. Syn wurk is dien, it leit no by de projektlieders. "Ik ben niet de dirigent die op de bok voor het orkest staat. De mensen die bij de projecten betrokken zijn snappen dat." Bertels sjocht Kulturele Haadstêd as in ridende trein dêr't tal fan minsken op- en ôfstappe. "Het is net als bij voetbal waar trainers komen en gaan, maar die staan ook niet op het veld. Ik draag het een warm hart toe en ben met alle Friezen oprecht trots op wat er nu staat." Bertels syn lêste wurkdei is 31 augustus. "We laten elkaar nog niet los."

Triennen

It personiel reagearre emosjoneel doe't se it nijs woansdei hearden. Guon hienen de triennen yn de eagen. "We wienen ferbjustere," seit Wiebe Wieling, foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch, doe't er it nijs hearde. "We seagen it net oankommen, mar hy hat goed wurk dien en we seinen dat er dizze kâns nimme moat. Hy hie net fuorthoegd, mar it gat dat no falt kinne oaren yn de organisaasje opfolje." Tjeerd van Bekkum, boargemaster fan Smellingerlân, wurdt oanlutsen as CEO by LF2018. "Hy is al folle langer belutsen by Kulturele Haadstêd, mei gemeenten en sponsoaren. Hy is in ferbinend persoan," seit Wiebe Wieling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)