Follyballer Gijs van Solkema nei Dútske Bundesliga

08 jun 2017 - 15:26
Gijs van Solkema - Foto: ttpapendal-arnhem.nl

De 18-jierrige follyballer Gijs van Solkema fan Snits sil yn Dútslân yn de Bundesliga spylje. Hy hat it ôfrûne jier by it Talent Team op Papendal spile en is ek selektearre foar Jong Oranje. Gijs van Solkema tekenet no foar ien jier by SVG Lüneburg. Ferline jier behelle Lüneburg in fyfde plak yn de gewoane kompetysje.

Van Solkema is in bekende namme yn de follybalwrâld. Ek suske Wies en neef Rik sitte yn Jong Oranje en Gijs syn omke Arno spile oait yn it Nederlânske team.

(advertinsje)
(advertinsje)