Skuorre ôfbaarnd by grutte brân yn Westergeast

08 jun 2017 - 15:19

By in brân op in boerepleats oan de Weardebuorsterwei yn Westergeast is tongersdeitemiddei in skuorre hielendal ôfbaarnd. By de brân is asbest frijkaam, dat op it eigen hiem en dat fan de buorman lizzen bleaun is. It asbest sil sa gau as mooglik opromme wurde. De brân begûn oan it begjin fan de middei yn in trekker dy't ûnder in dakje neist de skuorre stie, en sloech al gau oer nei de skuorre.

De brânwacht sette grut yn om it fjoer te bestriden en koe de wenning foar de skuorre behâlde. Dy hie wol reekskea. In stâl mei jongfee achter op it hiem bleau sparre. Nei hast twa oeren blussen koe it sein brân master jûn wurde. 

Trefwurden: 
brân Westergeast
(advertinsje)
(advertinsje)