Skea by briedfûgels op it Waad falt ta

08 jun 2017 - 12:53

De skea fan it rûge waar foar de briedfûgels op it Waad liket mei te fallen. Der binne wol nêsten ferlern gien, mar minder as tocht wie. Dat docht bliken út ynformaasje fan ferskate natuerbehearders. Wichtichste reden is dat it wetter minder heech kaam is as ferwachte. Ek foar kommende nacht, as der wer min waar ferwachte wurdt, liket it mei de wetterstân wat ta te fallen.

Op de Vliehors op Flylân is it wol goed mis gien. Nei alle gedachten binne dêr mear as 150 nêsten ferlern gien fan de lytse stirns, wytstirns, noardske stirns, strânljip en de bûnte wylster.

Trefwurden: 
Waad briedfûgels
(advertinsje)
(advertinsje)