Lieven Bertels giet fuort by Kulturele Haadstêd

© Omrop Fryslân, Karen Bies
Lieven Bertels giet fuort as direkteur fan LF2018, de organisaasje achter Kulturele Haadstêd. Dat is krekt bekend makke troch de organisaasje fan Kulturele Haadstêd. Bertels ferlit Fryslân omdat hy de kommende seis jier in wichtige funksje krije kin by in grut ynternasjonaal kultureel festival yn Amearika. De Ried fan Tafersjoch hat tastimming foar it fuortgean jûn.
Opfolger
De organisaasje fan Kulturele Haadstêd sil net op syk nei in nije artistike direkteur. Dit soe net nedich wêze omdat de measte projekten fan LF2018 al útset binne en allegear in eigen artistyk koördinator ha. Tjeerd van Bekkum, boargemaster fan de gemeente Smellingerlân, wurdt CEO by LF2018. Dat ha de Ried fan Tafersjoch, de provinsje en de gemeente Ljouwert besletten, nei't Bertels har ferline wike op de hichte brocht fan syn nije baan. Foarsitter Wiebe Wieling fan de Ried fan Tafersjoch fan LF2018 seit dat de organisaasje de kar fan Bertels respektearret. Bertels hat neffens him it ôfrûne jier hurd wurke om projekten foarm en ynhâld te jaan. It ynhâldlike programma is neffens Wieling sa goed as klear. De organisaasje hat Van Bekkum frege as CEO fanwege syn ûnderfining as bestjoerder en kunde fan LF2018. Hy begjint op 15 july by Kulturele Haadstêd.
Van Bekkum
Tjeerd van Bekkum studearre bedriuwskunde oan de Ryksuniversiteit yn Grins en wurke ûnder oare as beliedsmeiwurker fan de VVD-fraksje yn de Twadde Keamer. Ek wie er polityk adviseur fan de steatssiktaris fan ferkear en wettersteat. Yn 2002 waard Van Bekkum wethâlder fan de gemeente Berkel en Rodenrijs. Trije jier letter kaam er werom nei it Noarden doe't er boargemaster waard fan Marum yn Grinslân. Sûnt septimber is Van Bekkum boargemaster fan Smellingerlân.
Bertels
Lieven Bertels kaam yn febrewaris ferline jier nei Ljouwert om Ton F. van Dijk op te folgjen as direkteur fan Kulturele Haadstêd. Van Dijk moast doe syn funksje dellizze omdat er slim siik wie. Sûnt syn oantreden wie der in soad krityk op it funksjonearjen fan Bertels. Sa die bliken dat de finansjele ûnderbouwing fan de organisaasje net tarikkend wie en dat provinsje en gemeente mear jild ynvestearje moasten om it festival net yn gefaar te bringen. Yn maaie stutsen de provinsje en de gemeente Ljouwert mei elkoar noch goed 7,5 miljoen euro ekstra yn Kulturele Haadstêd. Ek waard Lieven Bertels ferwiten dat er te lang wachte mei it bekend meitsjen fan it programma foar Kulturele Haadstêd. Hjirtroch soe it festival net de kâns krije om ta libben te kommen ûnder de Fryske mienskip.
Lieven Bertels is 45 jier en komt oarspronklik út Flaanderen. Hy studearre keunstskiednis en muzikology oan de universiteit fan Leuven, en muzykkomposysje yn Ingelân. Fan 2001 oant 2004 wie er ferantwurdlik foar de iepening fan it nije konsertgebou yn Brugge. De jierren dêrnei hie Bertels de artistike toutsjes yn hannen by it Holland Festival yn Amsterdam, mei 110 eveneminten yn 3 wiken tiid. Echt namme makke Bertels yn Australië, dêr't hy tusken 2013 en 2016 direkteur fan it Sydney Festival wie, ien fan de grutste keunstfestivals dêr dat alle jierren mear as in heal miljoen besikers lûkt.