Gewest Fryslân is wiis mei trainer Rintje Ritsma

08 jun 2017 - 12:34

It Gewest Fryslân fan it reedrydbûn KNSB is wiis mei de komst fan Rintje Ritsma. Ritsma wurdt trainer fan it Gewest Fryslân. Dat is neffens it gewest wichtich, omdat de jeugd dan ien hat om by op te sjen. Ritsma is ien fan de bêste allround-reedriders ea. De lêste jierren wie de 47-jierrige Ritsma noch wol aktyf yn it reedriden, mar dan benammen yn de rol fan analytikus foar de NOS. 

(advertinsje)
(advertinsje)