FIDEO: Is it in gevel? Nee, it is in garaazjedoar!

08 jun 2017 - 12:26

In gevel dy't iependraait en feroaret yn in garaazje. It is hast net te leauwen, mar op de Midstrjitte yn Wâldsein is der ien. It is de garaazje fan Hayo de Vries. Hy woe graach in garaazje efter syn hûs ha, kocht in lytse arbeiderswente dy't oan de efterkant oan syn eigen hûs grinzet en boude dizze om ta garaazje. Om't de gemeente gjin tastimming joech om de gevel fan dizze arbeiderswente ôf te brekken en der in gewoane garaazjedoar yn te setten, moast De Vries in kreative oplossing betinke.

It idee foar de beweechbere gevel is ûntstien ûnder in fartocht. Eigener Hayo de Vries: "Op in gegeven momint farre wy mei de boat lâns de slûzen fan Starum. Ik sjoch dy dikke slûsdoarren dêr draaien en ik tink: 'Ferdikke, as dy doarren draaie kinne, dan kin de muorre fan it hûs ek draaie!'" De beweechbere gevel is folslein yntakt bleaun, ynklusyf blombakken.

(advertinsje)
(advertinsje)