Frou en man feroardiele foar stellerij yn Harns

08 jun 2017 - 12:23

In stel dat ferline jier febrewaris by seis winkels yn Harns guod stellen hat is feroardiele ta in finzenisstraf en in jildboete. De frou fan 45 jier krige fjouwer wiken wêrfan twa ûnder betingst. Har 27-jierrige partner krige in boete fan 350 euro. Se wennen op it stuit fan de oanhâlding yn Frjentsjer.

De rjochter neamde it in streuptocht by kleanwinkels en supermerken. De frou wie alris earder feroardiele. De fertochten, dy't mei in soan op 'en paad wienen, seinen dat se fan elkoar net wisten fan de stellerij. De soan soe fan neat witte. De frou sit no België en de man is nei Dútslân gien.

Trefwurden: 
stellerij justysje
(advertinsje)
(advertinsje)