Plysje fynt fjoerwapen by Ljouwerter

08 jun 2017 - 11:24
Foto: ANP

De plysje hat woansdeitemiddei trije Ljouwerters fan 28, 32 en 36 jier oanholden foar it besit fan in fjoerwapen. By de plysje wie in melding binnenkaam dat der rûzje wie op it Van der Leckplein yn de stêd. Dêrby hie ien in fjoerwapen sjoen. Op basis fan oanwizings fan tsjûgen en de sinjaleminten, koene de trije manlju oppakt wurde op it Van Doesburgplein. It fjoerwapen waard oantroffen by de 36-jierrige Ljouwerter. It wapen is yn beslach naam. De manlju sitte fêst op it plysjeburo foar ferhoar. Dêrút moat dúdlik wurde wat krekt harren rol is yn de saak.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert fjoerwapen
(Advertinsje)
(Advertinsje)