Parkearjen yn gemeente Hearrenfean wurdt ienfâldiger

08 jun 2017 - 11:06

De gemeente Hearrenfean wol it parkearjen foar winkeljend publyk en bewenners ferbetterje. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol ien miljoen euro ynvestearje om in oantal saken makliker te meitsjen. It giet dan om it beteljen by it parkearjen, it oanfreegjen fan parkearfergunnings en it finen fan frije parkearplakken. Dat moat der ta liede, dat bewenners en besikers fan it sintrum ienfâldiger in parkearplak fine kinne, dat net fier fan it sintrum ôf is.

Betelje foar in parkearplak wurdt tenei op alle lokaasjes mooglik mei munten, pin en kontaktleas beteljen. It útjeftesysteem foar fergunnings wurdt digitalisearre. Der komt ek in nij digitaal systeem foar it finen fan in frij parkearplak.

Trefwurden: 
Hearrenfean parkearen
(advertinsje)
(advertinsje)