Lêsten omheech yn Kollumerlân, Dongeradiel nei weryndieling

08 jun 2017 - 10:23
Foto: Omrop Fryslân

De lokale lêsten foar de ynwenners fan Kollumerlân en Dongeradiel gean troch de weryndieling mei Ferwerderadiel omheech. Dat gebeurt yn fases, fan 2018 ôf. De trije gemeenten fusearje op 1 jannewaris 2019. Yn de mienskiplike perspektyfnota stiet dat der by de berekkening fan de lokale lêsten keazen is foar in gemiddelde fan de trije gemeenten. Dat betsut dat de ynwenners fan Ferwerderadiel minder hoege te beteljen nei de fúzje.

De trije gemeenten hawwe fierder jild reservearre foar ferskate grutte projekten. It giet dan ûnder oare om de nije multyfunksjonele sportakkommodaasje yn it Tolhuispark, de rûnwei Wânswert en it bernesintrum Kollum. It strukturele budzjet foar it ûnderhâld oan ûnder oare diken en brêgen giet omheech.

Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân hâlde alle trije jild oer op it mêd fan soarch en wolwêzen. Mei-elkoar giet it om sân miljoen. Dat komt ûnder oare trochdat der minder gebrûk makke wurdt fan de middelen foar de jeugdsoarch en de WMO as yn it foar tocht. Om yn de takomst ek goede soarch biede te kinnen, hawwe de gemeenten derfoar keazen om in grut part fan it jild mei te nimmen as finansjele buffer.

(advertinsje)
(advertinsje)