Hein Jaap Hilarides sil nei Maribor foar Oare Wurden

08 jun 2017 - 10:21
Foto: Tresoar

Hein Jaap Hilarides (1969) is troch de Fryske sjuery fan Oare Wurden útkeazen om yn septimber-novimber yn de Sloveenske stêd Maribor te wenjen en wurkjen. Fan de fjouwer ynstjoerde foarstellen fûn de sjuery it plan fan de skriuwer út St.-Jabik ynhâldlik it sterkst. Yn Maribor sil Hilarides wurkje oan syn nije roman. Hy ferdjippet him fierder yn de skiednis fan de famylje Wassenaar dêr't er ek oer skriuwt yn syn krekt ferskynde roman 'De Trekker fan Troje'. Hy sil dêrfoar Maribor en omkriten ferkenne en dêr histoarysk ûndersyk dwaan.

"Net allinnich hat Hilarides in deeglik en goed útwurke ramt foar in literêr produkt delset, mar ek pleatst er dit yn in grutter ramt fan ynternasjonale ûntjouwing en Europeeske ienwurding. Hy leit in sterke ferbining mei de doelstellingen fan Oare Wurden om (minderheids)talen en de byhearrende kultueren te beljochtsjen en de wearde en betsjutting dêrfan sichtber te meitsjen" seit it sjueryrapport.

Hein Jaap Hilarides is skriuwer en muzikant. Hy skriuwt yn it Frysk, Biltsk en Nederlânsk. It is de fjirde kear dat in Fryske skriuwer yn it ramt fan it Europeeske útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse talen útstjoerd wurdt. Op it stuit sit de Biltker Gerard de Jong yn San Sebastian en earder wienen Bart Kingma en André Looijenga op 'en paad.

(advertinsje)
(advertinsje)