Omrop TIP: De Fryske euro yn Mozambyk

09 jun 2017 - 07:32

Nei sân jier stopt yn juny it Fryske sanitêrprojekt ‘Schoon water voor Mozambique’ fan de provinsje Fryslân en it Fries waterschap. Yn acht stêden is mei sukses wurke oan de ferbettering fan sanitêre foarsjenningen. Omrop Fryslân makke yn 2013 in dokumintêre oer it projekt en seach yn Xai-Xai en de haadstêd Maputo hoe’t it gie mei de projekten dêr’t eltse Fries alle jierren in euro oan betelle. De dokumintêre wurdt dit wykein werhelle by Omrop Fryslân.

Suksesfol

It projekt ‘Schoon water voor Mozambique’ waard yn 2010 opsetten en kin mei rjocht suksesfol neamd wurde. Sa binne der de ôfrûne sân jier mar leafst 70.000 famyljes besocht troch foarljochters. Alle famyljes krigen advys oer de oanskaf fan in húske, it ûnderhâld dêrfan en hygiëne. Dêrmei wurde syktes lykas diarree foarkommen, wat yn Mozambyk noch hieltyd de belangrykste oarsaak fan bernesterfte is.

Op de skoallen is ek in soad wurk ferset. Op 108 basisskoallen binne húskes oanlein en trainingen jûn oan direksjes, leararen, learlingen en skjinmakkers oer it behear en ûnderhâld fan de húskes.

Stichting FACE of Sanitation

It projekt is no wol ôfrûne mar dat betsjut net dat it klear is. De Mozambikaanse kollega’s hawwe sels in stifting opsetten mei as doel it fierder ferbetterjen fan de sanitêre foarsjenningen yn Mozambyk.

De Fryslân DOK dokumintêre 'De Fryske euro yn Mozambyk’ is op snein om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêre is ek te sjen op NPO 2 op sneon om 16.20 oere en snein om 13.00 oere.

(advertinsje)