Kollum: "Gitaar makket blij"

08 jun 2017 - 08:35

"Fan ‘e wike hie ik de triennen yn ‘e eagen, sa moai fûn ik it. Ik seach in filmke dat makke is op Pinkpop, ôfrûne wykein. Snein spile dêr de band Green Day, en se hellen in jonkje op it poadium. Giel, fan alve jier.

Oft hy trije akkoarden op de gitaar spylje kin - want út folle mear bestiet in goed punknummer fansels net. Dat is al fantastysk; foar in enoarm Pinkpop-fjild gitaar spylje, mei dy stoere punkband. It mantsje moast d'r in bytsje fan gûle, tefolle emoasjes. Mar mei it meispyljen wie it noch net dien. Hy mocht de gitaar hâlde. It mantsje skreaut it út fan blijheid. En ik krij d’r triennen fan yn ‘e eagen.

Hjir barre in pear grutte dingen.

Om te begjinnen ferwite âldere generaasjes ‘de jeugd fan tsjintwurdich’ graach dat se allinnich mar mei laptops, dj-programma’s en tablets dwaande binne. Dit jonkje lit sjen dat dat net wier is. Net allinnich kin hy de trije needsaaklike akkoarden spylje, mar hy kin dat ek noch op it juste momint mei de band dwaan, én ûnder de druk fan in Pinkpop-poadium.

Dizze jonge hat oefene. Syn fingers diene sear fan de hurde snaren. Gitaar spylje is net in pear samples op in beat sette, nee, it is oefenje. En dan dan noch mear oefenje. It is wrotte, mar it leveret in soad op. Tegearre spylje mei oaren, fijne motoryk, goeie earen, nijsgjirrigens, yn koart: gitaar makket blij.

Ten twadde seagen we in punkband dy’t al lang binnen is. Se ha in pear grutte hits hân. En dy dogge hjir wat goeds mei harren sinten. Op it budzjet fan sa’n optreden is ien gitaar gjin grutte kostepost, mar der binne ek artysten dy’t se yn ‘e fik stekke (Jimi Hendrix) of kapot slaan (Nirvana).

Green Day skreaut net allinnich fan it poadium dat Trump de beam yn kin, of dat se nei in hoer gongen dy’t harren libben saai neamde en sei dat se te min seks hiene. Nee, se stekke de hân út nei in folgjende generaasje en dogge wat.

En ten tredde. Wat betsjut dit foar dit foar de takomst dizze Giel? Rekkenje der mar op dat hy goed op dizze gitaar past. En dat hy noch folle mear fingers stikken spilet mei it oefenjen fan Green Day nûmers, en wat foar oare nûmers noch wol net mear. Hy sil de gitaar sjen litte, en it fragmint fan him op it poadium, oan syn freontsjes en op skoalle. Foar him en in soad minsken om him hinne is dit in geweldige motivaasje. Sa’n gebaar strekt fierder dan ien momint op dit Pinkpopkonsert.

Ach, in gitaar. De goedkeapste akoestyske hast al foar in pear tientsjes, en elektryske binne ek hiel betelber.

VPRO’s 3voor12 skreau dat dit in 'geijkte stunt' fan Green Day is: se dogge dit altyd. Mar ek 3voor12 moast sizze dat sy en it hiele publyk op Pinkpop rekke waarden troch dit momint. Se ha izersterke punknûmers - oftst d’r no fan hâldst of net - en lûke mear as tweintich jier nei harren earste hit ferskate generaasjes nei harren optredens.

Wannear’t Green Day by al harren konserten in gitaar útdielt, dan gean der allinnich dizze moanne al noch tolve gitaren út. Dat binne tolve jonges of famkes dy’t wer in hiele groep om harren hinne oanstekke kinne mei ‘gitaar’. Begryp my goed, der is neat mis mei laptops - ik seach dit fragmint op myn laptop - mar: gitaar makket blij.

Oan welk jonkje of famke joust do in gitaar?"

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)