Wa hat in bêd foar in groep Papoea's?

08 jun 2017 - 07:59

Wa hat in bêd foar in groep minsken út Papoea-Nij-Guinea? Dy oprop docht de Stichting Kamma út Wierum. Se binne drok dwaande mei de tariedings foar in evenemint yn 2018, wêrby't de ferneamde Wierumer antropolooch en sindeling Freerk Christiaan Kamma sintraal stiet. Underdiel fan it evenemint is in besite fan tritich Papoea's oan Wierum. De Papoea's komme út sawol Papoea-Nij-Guinea as út Nederlân. 

Blanke Papoea

Freerk Christiaan Kamma (1906 - 1987) wie in antropolooch dy't op Papoea-Nij-Guinea ûndersyk die. Hy wie dêr ek dûmny. Hy makke him de gewoanten fan de Papoea's eigen en waard troch in protte Papoea's tige wurdearre, seit Jan Prins fan de Stichting Kamma. "Kamma en de Papoea's wiene sa bot mei-inoar ferbûn, dat sy him de 'blanke Papoea' neamden. Doe't Kamma ferstoar, is er troch Papoea's yn Wierum te hôf brocht.

Dûns en iten

It is de bedoeling dat der yn 2018 in kulturele útwikseling plakfynt yn Wierum tusken Friezen en Papoea's. Sa sille bygelyks iten en dûns út sawol Fryslân as Papoea-Nij-Guinea dield wurde. Ek moat der in tsjerketsjinst komme mei elemeninten út beide kultueren.

Om de komst fan de Papoea's mooglik te meitsjen, is de stichting noch wol op syk nei minsken út de omkriten fan Wierum dy't in bêd beskikber ha foar de gasten. 

(advertinsje)
(advertinsje)