Tresoar nimt gebou Lân fan Taal nei 2018 oer

07 jun 2017 - 22:10

Tresoar nimt nei 2018 it gebou fan Lân fan Taal op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert oer. It argyf en taalsintrum sil it gebou brûke foar útstallings oer de Fryske taal en kultuer. Dat bart op dit stuit noch yn it eigen gebou, mar neffens direkteur Bert Looper komt it dêr eins net ta syn rjocht. De romte dy't frijkomt yn it eigen gebou sil brûkte wurde as kolleezjeseal foar de Campus Fryslân.

It nije gebou dat komt op it Aldehoustertsjerkhof moat ein dit jier klear wêze en sil yn 2018 brûkt wurde troch it projekt Lân fan Taal, dat ûnderdiel is fan Kulturele Haadstêd 2018.

(advertinsje)
(advertinsje)