"Besteande dyk De Skieding oanpasse, gjin nije dyk"

Der liket in politike mearderheid te wêzen foar de oanpassing fan de besteande dyk De Skieding, de N358 tusken Surhústerfean en de A7. De measte partijen fiele neat foar de oanlis fan in folslein nije dyk. Dat die woansdei bliken op de steatemerk yn it Provinsjehûs yn Ljouwert. Dêr koene steateleden de lêste fragen stelle oan amtners en belutsenen, neidat der ferline wike ek al in spesjale harksit west hie oer de dyk.
Neffens Deputearre Steaten is de dyk sa't dy der no hinne leit net mear feilich trochdat der hieltyd mear auto's oer dy dyk ride. Mei de oanlis fan ûnder oare ovondes en achterpaden moat dat oplost wurde. De partijen prate tongersdei fierder oer de dyk.