SP wol ûndersyk nei Kulturele Haadstêd, mar pas nei 2018

© Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
Der moat in ûndersyk komme nei wat der misgien is by de organisaasje fan Kulturele Haadstêd 2018. Dat wol de Sosjalistyske Partij yn de Fryske Steaten. Om it feest net te bedjerren moat dat ûndersyk der pas komme nei 2018. De partij fynt it wol needsaaklik dat alle flaters boppe tafel komme.
Allinnich as dat ûndersyk tasein wurdt, wol de partij meigean yn it útstel fan Deputearre Steaten om ekstra jild te stekken yn de Kulturele Haadstêd. Tegearre mei de gemeente Ljouwert wol de provinsje nochris 7,5 miljoen euro útlûke foar de begrutting.