Súdwest-Fryslân kontrolearret op yllegale ferhier

07 jun 2017 - 20:45

Minsken yn de gemeente Súdwest-Fryslân dy't yllegaal in keamer of hûs ferhiere, moatte oppasse. De gemeente sil nammentlik ekstra kontrolearje op yllegale ferhier. Dit docht bliken út it hânhavingsútfieringsprogramma foar dit jier.

De ôfrûne jierren is it yllegaal ferhieren fan wenningen, bygebouwen en priveekeamers bot tanaam, troch bygelyks airbnb. Dy ferhier is faak yn striid mei it bestimmingsplan fan it gebou.

(advertinsje)
(advertinsje)