Sietske Poepjes wol foarsitter Europeesk taalnetwurk wurde

07 jun 2017 - 20:36

Deputearre Sietske Poepjes besiket mei in filmke op YouTube in goai te dwaan nei it foarsitterskip fan it Network for the Promotion of Linguistic Diversity. It NLPD  is in netwurk fan Europeeske regio's mei in minderheidstaal. No freed is in grutte gearkomste fan de organisaasje yn it Italiaanske Val di Fassa. Dêr sil ek de nije foarsitter keazen wurde. Yn it filmke lit Poepjes sjen dat se in enerzjike bestjoerder is dy't har talen goed machtich is. Sa praat se njonken Frysk ek Ingelsk, Frânsk, Dútsk en Italiaansk. Der is noch ien oare kandidaat: Guiseppe Detomas. Dizze wittenskipper en politikus komt út Italië en spilet dus in thúswedstriid. Poepjes docht har sollisitaasje fia in fideoboadskip om't se freed oanwêzich wêze moat by de iepening fan Oerol. 

Yn it ferline hat Jannewietske de Vries in skoft foarsitter west fan it NPLD. Jannewietske waard doe op Korsika mei de lytst mooglike mearderheid keazen, mar dêrfoar wie se doe wol sels nei it eilân ôfreizge. Jannewietske wûn it doe fan in Korsikaanske regionale minister. 

(advertinsje)
(advertinsje)