Ofslútdyk woansdeitejûn yn beide rjochtingen ien baan iepen

Op de Ofslútdyk by Koarnwertersân sil fan woansdeitejûn ôf yn beide rjochtingen wer ien rydstrook beskikber wêze. Om't de wyn him yn de jûnsoeren deljaan sil, kin yn de rin fan de jûn de ekstra rydstrook wer iepen. Der is dan gjin gefaar mear foar it omwaaien fan de steger. Earder moast al it ferkear yn beide rjochtingen oer ien rydstrook.
De oannimmer set tongersdeitemoarn om 9 oere út ein mei it ôfbouwen fan de steger. Dat duorret oant freedtemiddei 3 oere. Yn ferbân mei it Oerolfestival op Skylge wurde de oare stegers net dit wykein, mar tusken 13 en 18 juny ôfboud. It ferkear moat ûnder it ôfbouwen rekken hâlde mei fertraging.