FIDEO: Basisskoalleararen komme yn aksje

07 jun 2017 - 18:05

Masters en juffen fine dat se it sa stadichoan fierstente drok hawwe. Dêrom wurdt op tiisdei 27 juny it wurk yn it basisûnderwiis efkes dellein. De skoaldoarren gean dan in oere letter iepen. Der binne twa spearpunten dêr't learkrêften harren soargen oer meitsje: de wurkdruk en it lean. Se wolle minder wurk op harren boardsje, sadat de bern goed ûnderwiis krije. En se fine dat se likefolle fertsjinje moatte as de kollega's yn it fuortset ûnderwiis. Dêrom is it tiid foar aksje, sa fynt ek master Jurjen de Boer.

(advertinsje)
(advertinsje)