Gemeentebelangen tsjin bou biofergister Koatstertille

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân
Gemeentebelangen yn Achtkarspelen hat in moasje yntsjinne tsjin de bou fan in biofergister yn Koatstertille. De fraksje ropt it kolleezje op net mei te wurkjen oan de ferkeap fan de grûn dêr't de fergister op boud wurde soe.
Der binne plannen om op bedriuweterrein De Westkern yn it doarp in fergister te pleatsen. De fraksje fan Gemeentenbelangen fynt dat der net genôch oersjoch is oer de gefolgen by kalamiteiten. Tsjinoer it terrein is de Gasunie dwaande mei plannen foar in gaslieding. Der binne neffens de partij net genôch mooglikheden om de feiligens en folkssûnens te garandearjen. Op 15 juny praat de gemeenteried fan Achtkarspelen oer de plannen foar de biofergister.