Gasten fan nij seizoen Fiel de Nacht bekend

07 jun 2017 - 17:45

Prate oer it libben, stil wêze fan de natuer, pikerje oer it tsjuster en dreame oer de nije dei. Omrop Fryslân-presintator Bart Kingma praat yn it nachtlike onlineprogramma ‘Fiel de Nacht’ dit jier mei Marijke Roskam, Jan Posthuma, Rients Ritskes, Greetje Bijma en Bearn Bilker oer harren libben en driuwfearren. Dat alles bart fan in unike lokaasje op It Amelân ôf; de uterste eastpunt, middenyn de dunen fan It Oerd.

Gasten

Jan Posthuma wie derby doe't it Nederlânsk follybalteam goud wûn op de Olympyske Spelen yn Atlanta, ít sportmomint fan de 20ste iuw. Greetje Bijma stiet op de grutste ynternasjonale jazz-poadia en kin har stim behearskje as gjin oar. Oare gasten yn Fiel de Nacht binne: Marijke Roskam, dy’t as deifoarsitter en mediatrainer grutte ûndernimmers en organisaasjes helpt better foar it ljocht te kommen. Zenmaster Rients Ritskes, dy’t managers lykas Herman Wijffels it meditearjen learde en darter Raymond van Barneveld nei it wrâldkampioenskip coachte. En Bearn Bilker, dy't net allinnich boargemaster is, mar ek de grutste keningshûskenner fan Fryslân.

Twadde kear

It is de twadde kear dat Omrop Fryslân it programma de hiele nacht livestreamt. Oan de ein fan it jier wurde de nachtlike petearen nochris gearfette ta kompakte útstjoeringen. Dy wurde mei de krystdagen op telefyzje útstjoerd.

Fiel de Nacht is fan 19 oant en mei 23 juny alle dagen fan 21.00 oant 06.00 oere fia in livestream te sjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Mear ynformaasje oer it programma is hjir te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)