Fernield Indië-monumint wer yn eare hersteld

07 jun 2017 - 17:02

It monumint foar de omkommen Indië-militêren út Fryslân is hast klear. Ferline jier augustus waard it byld De Wachter, dat yn it Rengerspark yn Ljouwert stiet, fernield. It betonnen stânbyld fan in militêr wie net mear te rêden. Fan de noas en de pet wie al hielendal neat oer. De fernielerij soarge foar emosjonele reaksjes. Der is doe keazen foar in nij byld fan deselde militêr, mar dan fan brûns. En dat is op wat skirjen en patinearjen nei klear.

Brûnsjitter Joep van der Kleij hat it byld getten en de Stichting Indië-Monument Friesland is bliid mei it fernijde byld. It byld en de herstelde sokkel (want ek de foet fan it monumint wie fernield) wurde op freed 30 juny ûntbleate troch boargemaster Crone fan Ljouwert yn it Rengerspark.

(advertinsje)
(advertinsje)