Slieptinten stikken waaid, skoalbern sliepe yn loads

07 jun 2017 - 17:01

Bysûndere help foar in groep skoalbern út Winterswijk op Flylân. De groep stie mei tinten op camping Lange Paal op it eilân, mar waard troffen troch de stoarm. In diel fan de slieptintsjes fan de bern waaide stikken. It eilân kaam dêrop mei help. Der waard in loads socht dêr't de bern oernachtsje koene, in bus om se der hinne te bringen en ek waard der in mobyl húske regele.

De bern hawwe de nacht dêr trochbrocht en sliepe ek woansdeitenacht noch yn de loads, tongersdei gean se wer nei hûs. ''Het is in ieder geval een avontuur dat ze nooit zullen vergeten'', fertelt Anke Bruin fan Flylân. ''Op deze manier lossen we het met elkaar op op Vlieland. Ze mogen nog een nachtje blijven slapen en gaan dan morgen weer naar huis.''

(advertinsje)
(advertinsje)