'Mobile flitsers dogge fertuten': proef kriget ferfolch

07 jun 2017 - 16:50
Flitskontrôle - Foto: ANP

In eksperimint mei in mobyl flitsapparaat op Fryske diken kriget in ferfolch. Dat meldt de plysje Noard-Nederlân. De plysje hat yn de earste moannen fan dit jier 40 persint kear mear flitst op de Nederlânske diken as ferline jier. It tal ûngelokken en de snelheid binne dúdlik ôfnaam.

By 28 Fryske 80 km-diken waarden mobile kamera's pleatst, benammen op diken dêr't in soad ûngelokken barre. Troch de kontrôles wurdt no minder hurd riden en der binne ek minder ûngelokken. Fierders naam it tal ferkearsoertredings ôf mei mar leafst 21 persint.

(advertinsje)
(advertinsje)