Friezen binne benammen grutsk op de eigen natuer

Fryslân stiet op plak fjouwer yn it klassemint fan hoe grutsk de ynwenners op har provinsje binne. Al is it ferskil mei de nûmer twa Drinte en trije Limboarch lyts. Grinslân stiet dan wol fierwei boppe-oan. Dat docht bliken út de fjirde edysje fan it Steden & Streken Merkenonderzoek. Friezen binne neffens it ûndersyk grutsk op har natuer. Fierder binne se wiis mei hoe't se stil en rom wenje kinne. Al komt der wol út it ûndersyk dat Friezen Fryslân krekt wat saaier fine as ynwenners út Limboarch, Drinte en Grinslân.
Grinzers fiele it meast de bân mei de provinsje. "Vooral door het aardbevingsleed zijn de Groningers meer van hun provincie gaan houden", sa seit ûndersiker Hendrik Beerda. "Dat is de voornaamste reden dat Friesland niet op één staat.'' Al kinne we wol grutsk wêze op it Waadgebiet. It docht bliken dat de fakânsje yn eigen lân hieltyd populêrder wurdt by Hollanners en by Friezen. It Waadgebiet en de Waadeillannen stean dan op trije op 'e ranglist fan favorite ynlânske fakânsjebestimmingen.