ZMLK-sportdei by Sportstêd It Hearrenfean

08 jun 2017 - 06:45

Sa'n 350 learlingen fan sân skoallen foar bern dy't in soad muoite hawwe mei learen, hawwe tongersdei sportdei by Sportstêd It Hearrenfean. It giet om bern fan ZMLK-skoallen ('zeer moeilijk lerende kinderen'). De dielnimmers binne tusken de 10 en 18 jier âld. De dei wurdt organisearre troch Sport Fryslân yn gearwurking mei Sportstêd It Hearrenfean.

It ferskil mei oare bern is dat bern dy't net goed leare kinne, mear begelieding nedich ha. Ek binne se minder wend om yn grutte groepen dingen mei elkoar te dwaan. Dêrtroch wurdt troch dizze groep minder sport. "Wy wolle stimulearje dat sport hartstikke leuk is om te dwaan!", seit Berber van der Krieke fan Sport Fryslân.

De bern kinne meidwaan oan it grut ferskaat oan sporten; badminton, basketbal, hânbôgesjitten, free-running, fierljeppen, skeelerje, klimme, ensafuorthinne. "Der sit foar elts wol wat by", seit Van der Krieke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)