Smellingerlân jout ynformaasje oan ûndernimmingsried Caparis

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De gemeente Smellingerlân hat alle ynformaasje oer de ôfbou fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis beskikber steld oan de ûndernimmingsried fan it bedriuw. De UR hie in Wob-fersyk yntsjinne. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân hat dat takend.
Troch it iepenbier beskikber stellen fan de ynformaasje komt der miskien mear dúdlikens oer de gong fan saken yn de gemeenten, yn harren belied rjochting de sosjale wurkfoarsjenning. De acht gemeenten binne it net iens mei-inoar oer de takomst fan it bedriuw en de wize fan ôfbouwen.
De ûndernimmingsried hat ek by de oare sân gemeenten in Wob-fersyk yntsjinne.