Ien selstraf foar ynsidinten by fuotbalwedstriid Hearrenfean

07 jun 2017 - 14:54

In 33-jierrige Grinzer moat fjouwer moanne de sel yn om't er yn 2015 geweld brûkt hat yn in kafee op It Hearrenfean. Hy is de iennige fan de alve persoanen dy't feroardiele is ta in selstraf, omdat hy as inisjatyfnimmer fan it geweld sjoen wurdt. De oaren hawwe wurkstraffen krigen fan 150 oant 240 oeren. De fjochtpartij wie mear as twa jier lyn. Dat is te lang lyn om noch selstraffen op te lizzen, sa fûn de rjochter.

Nei de wedstriid

De fjochterij wie nei ôfrin fan de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Grins. Hearrenfean wûn de wedstriid mei 3-1. Flak nei de wedstriid ûntstienen de fjochtpartijen. Neffens de rjochter wie dat yn it foar organisearre fia social media.

Te let

''Het is zeer kwalijk dat een kleine groep de sport voetbal zo in een kwaad daglicht zet'', sei de rjochter. "Normaal gesproken passen hier celstraffen van drie maanden, zoals eerder ook door het Openbaar Ministerie werd geëist. Door de tijdsverloop is dit niet meer passend.''

(advertinsje)
(advertinsje)