Stoarmwaar makket slachtoffers ûnder briedfûgels op Waad

07 jun 2017 - 14:17

It minne waar mei de hurde wyn hat grutte gefolgen foar briedfûgels op en by it Waad. In soad nêsten binne ferlern gien troch de stoarm. Yn it Waadgebiet sitte soarten sa as de lytse stirns, dêr't al net in soad fan binne. Op it Rif tusken Skiermûntseach en It Amelân sitte dêr sa'n 250 spantsjes fan. Yn totaal binne dêr tûzen nêsten. Earder like it derop dat sy allegearre fuortspiele soenen, mar de heechwetterstân is nei ûnderen bysteld.

De legere parten fan kwelder De Hôn op It Amelân rinne ûnder wêrtroch nêsten fan seemokken, piipljurken en mooglik ek fjildûlen ferlern gean. Fierderop it eilân oerlibje net alle nêsten op de Feugelpôlle it minne waar. Op de Koffieboonplaat oan de eastkant fan Skylge binne nêsten fan de lytse stirns en de klút ferlern gien en op de Flyhors op Flylân is ek in soad fuortspield.

Op de Richel by Flylân liket it better te gean, mar op Gryn giet it mâl en binne der al in soad jonge fûgels dea. De fûgelwachters ha noed oer de leppelbekken op it eilân as woansdeitenacht it wetter wer omheech komt. 

Trefwurden: 
stoarm briedfûgels It Waad
(advertinsje)
(advertinsje)