Brân yn pizzeria Sint Jacobsstrjitte: fjoer ûnder kontrôle

07 jun 2017 - 14:10

De brânwacht fan Ljouwert moast woansdeitemiddei útride foar in brân yn in pizzeria oan de Sint Jacobsstrjitte yn de stêd. De helptsjinsten krigen in melding fan in brân en rieden mei meardere auto's út. It die bliken dat der brân ûntstien wie by in kuolkast yn it restaurant. De brânwacht hie it brantsje gau ûnder kontrôle, mar der wie wol in soad reek. Dy is ek in njonkenlizzende winkel ynsweefd.

De brânwacht hat it pân niiskrekt noch fentilearre. Troch de reek is der in soad skea. De eigeners fan de pizzeria wienen al wol út it gebou doe't de brânwacht arrivearre. Se binne neffens de brânwacht net ferwûne rekke.

Trefwurden: 
brân Ljouwert pizzeria
(advertinsje)
(advertinsje)