Fluitsjende fytsbrêge Snits kostet gemeente 40.000 euro

07 jun 2017 - 13:03
Foto: Google Streetview

In fluitsjende fytsbrêge by Snits hat de gemeente Súdwest-Fryslân goed 40.000 euro koste. De brêge by de Potterzijlflat yn Snits makke neffens omwenners by hurde wyn in soad leven. It fluitsjende lûd fan de brêge wie steurend foar de bewenners. Dêrom hat de gemeente besletten de leuning fan de brêge te ferfangen.

De ferfanging makke ûnderdiel út fan it gruttere projekt Waterstad A7 fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Dat projekt is no ôfsletten, neffens de gemeente mei in posityf saldo fan sa'n 60.000 euro.

(advertinsje)
(advertinsje)