Sineeske besite op it Provinsjehûs yn Ljouwert

07 jun 2017 - 12:30

Hege Sineeske besite woansdeitemoarn op it Provinsjehûs yn Ljouwert. Kommissaris Arno Brok ûntfong de gouverneur fan de Sineeske provinsje Heilongjiang foar it ûndertekenjen fan in gearwurkingsoerienkomst op it mêd fan lânbou. It giet om in inisjatyf fan de World Trade Sentra fan Ljouwert en de Sineeske stêd Harbin. De lêste stêd is dwaande mei it bouwen fan in nij WTC dat spesjalisearre is yn lânbou en benammen dat biedt neffens direkteur Schouwstra fan it WTC yn Ljouwert kânsen foar it Fryske bedriuwslibben.

Ien fan de Fryske ideeën by dy gearwurking is om de Sinezen yn de kunde komme te litten mei tsiis. De measte Sinezen hawwe noch nea tsiis iten. As it slagje soe om mar in pear persint fan de Sinezen tsiis ite te litten, dan biedt dat grutte mooglikheden op it mêd fan tsiis-eksport en kennis fan de tsiisproduksje, tinkt kommissaris Brok.

Gearwurking

De gearwurking mei Heilongjiang en it WTC fan Harbin is hiel konkreet. De Sinezen komme yn april takom jier wer nei Ljouwert foar it wrâldkongres fan alle WTC's. Se wolle dan inkelde tsientallen bedriuwen meinimme en dy yn kontakt bringe mei bedriuwen yn Fryslân.

Kommissaris Brok wol besjen oft der ek gearwurking mooglik is op it mêd fan kultuer. Hy wol de gouverneur fan Heilongjiang by syn folgjende besite graach meinimme nei keramykmuseum It Princessehof yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)