Frouljusseleksje foar EK inline-skaten kleuret Frysk

07 jun 2017 - 12:16
Manon Kamminga - Foto: awfoto.nl

De Nederlânske frouljusseleksje foar de Europeeske kampioenskippen inline-skaten yn Portugal bestiet hast hielendal út Friezinnen. Elma de Vries (De Haule), Noraly Berber Vonk (Appelskea), Manon Kamminga (Haulerwyk) en Moniek Klijnstra (Sint-Jânsgea) reizgje yn july ôf nei de stêd Lagos. Bianca Roosenboom makket de seleksje kompleet.

Manlju

By de manlju binne de Friezen Luc ter Haar (It Hearrenfean), Ruurd Dijkstra (Nijeholtwâlde) en Gerrie van Lingen (Twizelerheide) útkeazen foar it EK yn Portugal. Rémon Kwant, Rick Schipper, Crispijn Ariëns en Ingmar Berga meitsje dy seleksje kompleet, sa meldt it KNSB.

De Europeeske kampioenskippen inline-skaten binne fan 1 oant en mei 8 july.

De bruorren Ronald en Michel Mulder jouwe de foarkar oan de World Games, letter dy moanne yn Poalen.

(advertinsje)
(advertinsje)