Tûzen wurkleazen wurde frijwilliger by Kulturele Haadstêd

07 jun 2017 - 11:27

Goed tûzen wurkleazen út Fryslân sille troch de gemeenten stipe wurde om frijwilligerswurk te dwaan by Kulturele Haadstêd. Woansdeitemoarn hawwe de DDFK-gemeenten (Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân) as earste de útfieringsoerienkomst mei organisaasjes Timpaan, WELLZO en Stichting Welzijn Het Bolwerk Dokkum tekene. Oare gemeenten folgje noch. Mei it ûndertekenjen fan de oerienkomst ferplichtsje de gemeenten har om mei-inoar tûzen frijwilligers te leverjen dy't allegear ferskillende putsjes dwaan kinne takom jier.

Neffens Ernst Janssen fan WELLZO sit der in grutte ôfstân tusken Kulturele Haadstêd en wurkleazen. "Het motto van Culturele Hoofdstad is: Iepen Mienskip, iedereen kan meedoen. Wij hopen door vrijwilligerswerk te bieden het maatschaplijk participeren te verhogen", sa seit Janssen.

(advertinsje)
(advertinsje)