Steiger op Ofslútdyk ynstabyl troch klap fan slûsdoar

07 jun 2017 - 11:26

Dat ien fan de steigers op de Ofslútdyk by Koarnwertersân ynstabyl is, komt om't dy steiger by it skutten fan de slûs rekke is troch in slûsdoar. Wie de steiger net troch de slûsdoar rekke, dan wie de hurde wyn gjin probleem west, seit Rykswettersteat. De steiger is tiisdei noch ferstevige, mar dat wie te let. No drigen troch de hurde wyn platen fan de steiger los te litten.

Rykswettersteat hat fanwege it gefaar it beslút naam om trije rydstroken ôf te sluten. Ferkear wurdt mei help fan ferkearsljochten om beurten trochlitten. Dat soarge woansdeitemoarn foar lange files op de Ofslútdyk.  

Nei alle gedachten duorret de ôfsluting noch oant nei de jûnspits, sa seit Patricia Troost fan Rykswettersteat. Se advisearret minsken dy't nei Noard-Hollân wolle om troch de polder fia de A6 en A1 te riden.

(advertinsje)
(advertinsje)