Belgyske klup hat ynteresse yn Hearrenfeanspiler Marzo

07 jun 2017 - 09:42

Stefano Marzo sil SC Hearrenfean nei alle gedachten ferlitte. De ferdigener stiet yn de belangstelling fan it Belgyske Lokeren. Marzo kaam yn 2013 oer fan Beerschot en hat yn fjouwer seizoenen yn totaal 122 wedstriden fuotballe foar Hearrenfean. Technysk direkteur Gerry Hamstra befêstiget de ynteresse fan Lokeren yn Marzo, "maar de clubs zijn er nog niet uit" sa seit hy.

Omdat Marzo noch in kontrakt hat oant 2018 sil Lokeren in transfersom betelje moatte. Mochten beide klups it iens wurde, dan komt Marzo wer yn ien team mei Luciano Slagveer. Slagveer tekene earder al in kontrakt by de Belgyske earsteklasser. 

(advertinsje)
(advertinsje)