Ien rydstrook iepen op Ofslútdyk: files by Koarnwertersân

07 jun 2017 - 07:38

Op de Ofslútdyk stiet by de slûzen fan Koarnwertersân yn beide rjochtingen in flinke file. Yn ferbân mei de hurde wyn hat Rykswettersteat trije fan de fjouwer rydstroken ôfsletten. By de slûzen stean steigers en ien dêrfan is ynstabyl. Dat jout problemen mei de hurde wyn. Om ûngelokken foar te kommen, binne de rydstroken ôfsletten. It ferkear kin de slûzen om en om passearje, dat wurdt regele mei ferkearsljochten.

Nei alle gedachten duorret de ôfsluting noch oant nei de jûnspits. Rykswettersteat advisearret minsken dy't nei Noard-Hollân wolle om troch de polder fia de A6 en A1 te riden.

(advertinsje)
(advertinsje)