Bouwmeester sylt net yn Santander: lêst fan de rêch

06 jun 2017 - 22:38

Marit Bouwmeester hat har op it lêste momint weromlutsen fan de wrâldbekerfinale yn it Spaanske Santander. Bouwmeester hat tefolle lêst fan har rêch. De sylster wol dit seizoen op har bêst wêze op it wrâldkampioenskip yn eigen lân. Dêrom nimt se gjin risiko.

"It is wol in teloarstelling, mar ik meitsje my fierder gjin soargen. Ik bin der noch net, mar wol op it WK op myn bêst wêze." It WK yn de Laser Radial klasse is fan 11 oant en mei 18 augustus yn Medemblik.

(advertinsje)
(advertinsje)