Opposysje easket gearkomste oer nij MFC op De Gordyk

06 jun 2017 - 21:30

De opposysje yn de gemeenteried fan Opsterlân wol dat der nije wike moandei in ekstra gearkomste útskreaun wurdt om oer it nije multyfunksjonele sintrum fan De Gordyk te praten. Yn novimber 2015 is besletten dat der nijbou komme sil, yn kombinaasje mei de Boargemaster Harmsma Skoalle. De partijen OpsterLanders, BAS, FNP en VVD hawwe no heard dat dy keppeling loslitten is troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlder.

Reden dêrfoar soe wêzen dat der in finansjele tsjinfaller is fan njoggen ton. Dat soe al yn jannewaris al bekend west hawwe, mar dêr is de ried net oer ynformearre. Al mei al reden foar de partijen om wethâlder Van Dijk ta ferantwurding te roppen.

(advertinsje)