Keunstwurk fan Van der Meij op De Gordyk bliuwt bestean

It keunstwurk 'De Levende Ent' fan keunstner Jaap van der Meij op De Gordyk bliuwt bestean. Dat seit wethâlder Rob Jonkman fan Opsterlân nei oanlieding fan de útkomst fan in enkête oer de takomst fan it byld. Ut dy enkête docht bliken dat 71 persint fan de folwoeksen befolking fan De Gordyk it byld hâlde wol. Sa'n 10 persint fan de ynwenners die oan de stemming mei. Yn de enkête krigen de bewenners fjouwer opsjes foarlein: opblaze, begrave, yn stikken seagje en ferdiele of bestean litte en restaurearje.

Wat der no fierder barre sil is noch net wis. It byld bliuwt bestean, mar de gemeente hat gjin jild om it op te knappen. Wethâlder Jonkman hopet dat der noch ergens in potsje te finen is. Ek crowdfunding soe in mooglikheid wêze kinne. Ek de opsje om it byld te ferhúzjen nei in oar plak stiet iepen.
De Levende Ent stiet no foar kultureel sintrum De Skâns. De enkête is hâlden troch de stichting DesignArbeid en Kunst in Crisis. De útkomst waard bekend makke op in diskusjegearkomste oer De Levende Ent. Dêr kamen sa'n fyftjin minsken op ôf.