Hegeskoalle Stenden hâldt situaasje Qatar yn de gaten

Stenden hegeskoalle yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Hegeskoalle Stenden krijt in soad fragen oer de situaasje yn Qatar, dêr't in festiging fan Stenden sit. In oantal lannen, wêrûnder Egypte, Saûdy Arabië en Bahrain hawwe moandei de diplomatike betrekkingen mei it lân opsein. Sy sizze dat Qatar bannen hat mei terroristyske organisaasjes en mei Iran.
De lieding fan Stenden skriuwt op syn webside dat se op dit stuit de situaasje skerp yn de gaten hâlde. Se hawwe hieltyd kontakt mei de regearing en mei de ambassade yn Doha.