Twa miljoen euro foar digitaal lesmateriaal ûnderwiis Frysk

06 jun 2017 - 22:34

De provinsje lûkt foar de kommende fjouwer jier goed twa miljoen euro út foar de ûntwikkeling en it gebrûk fan digitaal lesmateriaal foar it Frysk ûnderwiis. It jild giet nei de Afûk en wurdt brûkt foar tsien projekten yn it basis en middelber ûnderwiis. Der sille ûnder oaren spultsjes, filmkes en nije lesfoarmen foar makke wurde. De provinsje en Afûk wolle sa de posysje fan it Frysk en de meartaligens yn it ûnderwiis befoarderje en oantrekliker meitsje.

''It Frysk moat net saai wêze'', seit deputearre Sietske Poepjes. It digitale programma is ûnderdiel fan it provinsjale Deltaplan foar it Frysk dêr't yn totaal goed 21 miljoen euro foar beskikber is.

Trefwurden: 
Frysk ûnderwiis Afûk jild
(advertinsje)
(advertinsje)